Dolfyn oanspield op Skier

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach is tiisdeitemoarn in deade wytflankdolfijn fûn. It bist lei by peal 7 op it Noardseestrân by strânpaviljoen De Marlijn.
Eilanners hawwe it bist fuorthelle en it sjen litten oan de learlingen fan de skoallen. Sa hiene dy in bysûndere biologyles. De dolfyn wurdt tiisdeitemiddei oerbrocht nei de fêste wâl. Meiwurkers fan de seehûnekresj fan Pieterburen helje de dolfyn op.