Autocross rint út 'e hân

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Makkingea ferskate kearen yngrypt nei de autocross. Twa groepen hiene spul, nei alle gedachten om in stellen tillefoan. De plysje arrestearre de fermoedlike dieder en sette doe wer ôf. Letter soene meiwurkers fan 'e cross bedrige wêze. De plysje hat doe tsien man ynset en in man mei in stroomstjitwapen oppakt. Der soe ek in auto ynriden wêze op minsken en in mes en in boksbeugel yn it spul wêze.