CNV polst streekferfier

10 apr 2007 - 10:24

Fakbûn CNV freget sûnt tiisdei oan 'e leden hoe't sy tinke oer aksjes yn it streekferfier. De ûnderhannelings oer de cao yn it streekferfier binne fêstrûn. It CNV wol witte oft leden ree binne om te staken. Der moat dan in trijkwart-mearderheid foar wêze.

Yn it hiele lân binne de kommende dagen gearkomsten. Yn Fryslân is der ien oankom tongersdeitejûn op it CNV-regiokantoar yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)