ONS wint; Snits ferliest

09 apr 2007 - 16:41

ONS Snits hat wer útsjoch op it twadde plak. De Snitsers wûnen yn de sneonshaadklasse mei 3-2 fan WHC. Yn Wezep kaam ONS troch Chalong de Bruin foar. Nei rêst makke WHC de 2-1. Troch Albert Jan van Zwol waard it 2-2. Njoggen minuten foar tiid makke Eric Mulder de winnende goal.

Snits ferlear yn de sneinshaadklasse mei 1-0 fan Enschede. Troch de nederlaach komt in degradaasje plak tichterby foar de Snitsers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)