Motorrider fljocht út de bocht

09 apr 2007 - 13:50
Foto: Omrop Fryslân

In 28-jierrige motorrider fan It Hearrenfean hat sneontemiddei in lichte harsenskodding oprûn doe't er de bocht net hâlde koe op it klaverblêd fan de A32 by Hearrenfean. De man, dy't fan Drachten kaam, waard lansearre doe't er yn de berm terjochte kommen wie. Uteinlik kaam de man yn de tuskenberm ta stilstân.

De man waard nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht, dêr't er in nachtsje bliuwe moast.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)