Wyldpissers bekeurd

© Omrop Fryslân
Op It Hearrenfean hat de plysje moandeitemoarn betiid twa ynwenners út dat plak in bekeuring jûn yn ferbân mei wyldpisjen. In 37-jierrige man pisse op it Fok tusken in oantal auto's. De man wegere syn namme te jaan. Ek misledige de man de plysje. De man is oanhâlden en krige in proses-ferbaal.
Efkes letter waard op de Kuyperstraat op It Hearrenfean noch in 26-jierrige man bekeurd foar wyldpisjen.