Bûdelmûs oanwinst Aquazoo

09 apr 2007 - 12:37

Bistetún Aquazoo yn Ljouwert hat der wer in bysûnder bist by: de fleanende bûdelmûs. It bistje, dat oarspronkelik allinnich yn Australie foarkomt, is goed sân sentimeter lang en kin echt fleane. Yn tichte bosken fleane se somtiden 20 meter fier fan beam ta beam. Se dogge dat mei spesjale fellen tusken de foar- en efterpoatsjes.

Aquazoo hat 32 bûdelmûzen oernaam fan in bistetún yn Poalen. Dêrmei binne se foar it earst yn de Benelux te besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)