Yllegaal peaskefjoer Hichtum

09 apr 2007 - 09:05

De brânwacht en de plysje moasten op peaskesnein lâns de N359 fan Boalsert yn de rjochting Ljouwert ter hichte fan Hichtum yn aksje komme yn ferbân mei in yllegaal peaskefjoer.

Troch ûnbekenden waard in grutte bulte ôffal yn de brân stutsen. It fjoer wie op grutte ôfstân te sjen. It fjoer luts in protte minsken. De brânwacht fan Boalsert moast der oan te pas komme om it fjoer út te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)