Punt foar Burgum
Yn de earste klasse F fan it amateurfuotbal moast Burgum snein in wedstriid ynhelje. Thús tsjin GRC waard it in sliepferwekkende 0-0. Allinnich yn de twadde helte wie der ien kâns te notearen.
It lykspul betsjut foar Burgum wol it earste punt nei de winterstop. De sitewaasje foar Burgum is der lykwols net better op wurden. De Burgummers moatte de kommende wedstriden noch in soad punten sjen te heljen.