Plysje treedt op yn Snits

08 apr 2007 - 14:48

De plysje yn Snits hat sneontenacht de wapenstok brûke moatten om reboelje tusken twa groepen stappers foar te kommen. Om goed healwei trijen seach de plysje de twa groepen rúzje meitsjen op de Wijde Noorderhorne. Om slimmer foar te kommen giene twa plysjes der tusken stean.

Twa ynwenners fan Nijlân waarden oanhâlden, lykas in man út Folsgeare. Om't dy de plysje bedrige en beet pakte, krige hy in klap mei de stôk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)