Jonge oanholden foar brantsje

08 apr 2007 - 14:28

In 16-jierrige ynwenner fan Ingelum is sneintemoarn oanhâlden neidat er in prullebak yn it doarp yn de brân stutsen hie. Doe't de plysje him oanhold joech de jonge ek noch ris in falske namme op. Boppedat hie er gjin legitimaasje by him.

Twa freonen fan de jongen, beide fyftjin jier âld, krigen ek in boete fan de plysje. De jonges hiene holpen mei it oanstekken fan de prullebak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)