Tytsjerksteradiel wint aksje

08 apr 2007 - 12:58

Tytsjerksteradiel hat de aksje 'Vul je Vak' fan SC Hearrenfean wûn. Oan de aksje diene alve gemeenten mei.

Mei 'Vul je Vak' woe de fuotbalklub de bân mei de regio fersterke. Gemeenten koene mei in groep ynwenners fergees nei in wedstriid yn it Abe Lenstrastadion en dêr harsels promoate. De sjuery fûn dat Tytsjerksteradiel dêrby goed gebrûkmakke hat fan de media en ek it kreatyfst wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)