Autobannen yn 'e brân

08 apr 2007 - 11:23

In brân yn in stapel âlde autobannen hat sneontejûn yn Ljouwert foar in soad reekûntwikkeling soarge. By in recycling-bedriuw oan de Newtonwei gong sawat 30 ton oan autobannen yn flammen op. De stapel sloech om alve oere flam en soarge foar swiere roetwolken. Om't de reek oer de greide fuortwaaide, wie der gjin oerlêst foar de stêd. Nei twa oeren blussen wie de brân ûnder kontrôle. De oarsaak is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)