Toerfalkjes kreakje nêstkastke

In pearke toerfalken hat it nêstkastke op 'e Burgumermarsintrale beset. Dat is te sjen op bylden fan 'e webcam op ynternet. It kastke wie bedoeld foar de Noardske falk, mar dy fiskje no achter it net.
It kastke waard yn maart op 40 meter hichte ophongen op inysjatyf fan de Fryske Miljeuferderaasje, bedoeld as foarljochting. De organisaasje hopet dat de Noardske falk der letter dochs komt om te brieden.