Cambuur -AGOVV: 1-1

© Omrop Fryslân
Cambuur spile freed mei 1-1 tsjin AGOVV Apeldoorn. De Ljouwerters kamen al yn de fyfde minút op efterstân troch in doelpunt fan Ter Heide. Cambuur wie de hiele wedstriid better, mar it skoaren wie in probleem.
Yn de twadde helte slagge it Barry Hoogeveen wol om de keeper fan AGOVV te passearen. Dêrnei hie Jeroen Ketting de 2-1 op de skoech, mar de spits miste de takende penalty. Barry Hoogeveen skeat ek noch ris op de peal.