Earste dei Junior World Cup

06 apr 2007 - 20:09

Nederlân en België gean nei de earste dei fan de Junior World Cup kuorbaljen yn sportkompleks Kealledykje yn Ljouwert oan de lieding. Nederlân, mei de bêste kuorballers oant 19 jier út it distrikt Noard, wûn al har trije wedstriden yn pûle A. België die itselde yn de oare groep.

Nederlân wûn freed fan debutant Roemenië (24-2), Portugal (18-5) en Ingelân (11-6). Sneon wurdt der wer spile, op Peaskesnein is de finale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)