Twillingebeurs foar 't lêst

nettsjinsteande it sukses hâldt de twillingebeurs op
Yn Drachten wie freed de lêste twillingebeurs. Tweintich jier lang koene âlden fan in twilling guod keapje en ferkeapje. Troch te min hâldt de organisaasje der mei op. In soad guod wurdt tsjintwurdich fia ynternet ferkocht. Klean, skuon en berneweinen alles is dûbel en de besikers komme út it hiele lân wei om't der wol fraach nei dûbel guod is. It is dus alle jierren in sukses, mar der is gjin opfolging.