Karmerk foar museum Sleat

06 apr 2007 - 14:12

Museum Stedhûs yn Sleat krijt it lanlik karmerk 'registrearre museum'. Dêrmei is it museum opnommen yn it Nederlânsk Museumregister. De foarsitter fan de lanlike advyskommisje foar museumregistraasje sil takom wike tongersdei it karmerk ûntbleatsje. Dat momint is ek de start fan in nij museumjier.

Yn Sleat is de tentoanstelling 'Sloten en de Zuiderzee' te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)