Utstel foar nije learen op MBO

Klaas Koops
It Friesland College is bliid dat de ferplichte ynfiering fan it nije learen útsteld wurdt. De MBO-skoallen yn Nederlân krije twa jier ekstra de tiid om it praktykûnderwiis folsein ta te passen. Der wienen tefolle klachten oer de tiid dy't skoallen foar de ynfiering krije.
De steatssekretaris fan Underwiis hat de skoallen mear tiid jûn. Yn 2010 moat it praktykûnderwiis op alle MBO skoallen ynfierd wêze.