Fjirde fytsewinkel Terpstra

06 apr 2007 - 11:36

Fytsewinkel Jan Terpstra út Ljouwert hat in filiaal iepene yn Stienwyk. It is de fjirde winkel fan it famyljebedriuw. Yn 1959 binne se begûn mei it ferkeapjen fan fytsen.

It is de earste foarsichtige stap fan it bedriuw bûten de provinsje. Yn ferbân mei de iepening fan it nije filiaal hat Terpstra mei noch tal fan relaasjes 7500 euro jûn oan it goede doel fan de Stichting Kinderen Kankervrij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)