Nije fearferbining nei Skier

De nije fearboat fan Eastmahorn nei Skiermûntseach, de MS_Esonborg, makket freed de earste oertocht. Fakânsjepark Esonstad lit mei rederij Wagenborg alle dagen in eigen fearboat farre foar gasten fan it park. Minsken dy't net yn it park ferbliuwe, kinne ek fan de boat gebrûk meitsje.
Mei de nije ferbining is Wagenborg werom op it plak dêr't it de oertocht nei Skiermûntseach eartiids begûn. Op de MS_Esonborg is plak foar 85 minsken.