"Sels probleem oplosse"

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte sels mei praktyske oplossings komme foar problemen mei trou-amtners dy't gjin homohouliken slute wolle. Dat seit premier Balkenende nei oanlieding fan it opstappen fan CU-wethâlder Rozema as trou-amtner yn Smellingerlân. Dy moat fan de ried homostellen trouwe, mar dat wol er net.
De moasje giet yn tsjin it regearakkoart. Der wurde earst gjin maatregels naam tsjin Smellingerlân.