Mozaykmeane lokket fûgels

© Omrop Fryslân
Stikken lân dy't troch boeren yn gedielten meand wurde, binne folle oantrekliker foar ljip, skries, strânljip en tsjirk. Dat docht bliken út ûndersyk fan natuerferiening Boer_en_Natuur.
Yn gebieten der't it mozaykbehear tapast wurdt, is it tal greidefûgels de lêste jierren mei sawat 5% tanaam. De risseltaten binne opfallend om't oare ûndersiken krekt sprekke oer in fermindering fan 'e greidefûgelstân.