CU lulk oer Smellingerlân

Wethâlder Rozema
Foarsitter Blokhuis fan de ChristenUnie wol dat de passaazje yn it regearakkoart oer trouamtners mei gewissensbeswieren neilibbe wurdt. Hy fynt dat de Twadde Keamerfraksje fan syn partij in sinjaal ôfjaan moat.
Oanlieding foar de oprop fan Blokhuis is it beslút fan wethâlder Rozema fan Smellingerlân om syn funksje as trouamtner del te lizzen. Rozema die dat omdat de ried fynt dat trouamtners ek ree wêze moatte homo's te trouwen.