Ried Europa op Mercatorkongres

Bertus Mulder wol ta op ynternasjonale easken op it mêd fan ûnderwiis yn minderheidstalen
Fertsjintwurdigers fan de Ried fan Europa sille yn maaie yn Ljouwert de konferinsje fan Mercator bywenje oer de ûntwikkeling fan standaarden foar ûnderwiis yn minderheidstalen. De ûntwikkeling fan dy standaarden wie in inisjatyf fan deputearre Bertus_Mulder.
Mulder hat ein maart in rapport oer it tema presintearre yn Straatsburch. It doel fan de konferinsje is om te kommen ta praktyske oanbevellings foar ûnderwiis yn minderheidstalen.