Beswier tsjin 200.000 hinnen

De pleats hat no sa'n 85.000 hinnen
De omwenjenden fan in hinnebuorkerij op De Harkema hawwe in beswierskrift yntsjinne tsjin de útwreidingsplannen fan it bedriuw. De pleats hat no sa'n 85.000 hinnen, mar wol útwreidzje oant 200.000 hinnen.
Sa'n 30 húshâldings út de omkriten fan de pleats oan de Betonwei hawwe meiïnoar in beswierskrift yntsjinne by de gemeente Achtkarspelen. De buert is besoarge oer de gefolgen fan al dy hinnen foar miljeu en leefberens.