Aksje tsjin hotel by put

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de Jouwer hawwe in aksjegroep oprjochte tsjin de komst fan in hotel by 'De put van Nederhorst'. Dat is in âlde sânwinput, dy't no fol stiet mei wetter.
Yn de simmer komme der in_protte minsken om te swimmen of te surfen. De aksjegroep is benaud dat mei de bou fan in hotel it natoergebiet ferlern giet en hat de ôfrûne dagen dêrom tal fan hântekens ynsammele. Tiisdei wurde dy oanbean oan de riedskommisje.