Bruin noch in jier fierder

Jan Bruin giet noch in jier troch
Fuotballer Jan_Bruin giet noch in jier troch. Hy hat syn kontrakt mei in jier ferlingd by de earstedivyzjeklub Stormvogels_Telstar. Earder joech de 37-jierrige spits oan nei dit seizoen op te hâlden.
Twa jier ferlyn naam Stormvogels Telstar Bruin oer fan Cambuur. De Ljouwerters woene doe net fierder mei Bruin. Ferline jier makke de spits fjirtjin doelpunten. Dit jier stiet de teller al op sechstjin.