Famke skept troch trein

It slachtoffer op 'e brankaar
In famke (16) fan Noardburgum is woansdei swierferwûne rekke nei't se by de spoaroergong yn Feanwâlden skept waard troch in sneltrein. Se stuts mei har fyts op it allerlêste momint it spoar oer. Neffens tsjûgen hie se wol útsjoen, mar allinnich nei de stil- steande trein op it stasjon. Fan de oare kant ferraste de sneltrein har.
It slachtoffer is mei in trauma- helikopter nei Grins ta brocht. It treinferkear lei sa'n twa oeren stil.