Bern plantsje nij bosk oan
Learlingen fan basisskoallen yn Bûtenpost, Twizel en Twizelerheide ha woansdei yn Twizel in nij bosk oanplante. Dat diene se yn it ramt fan de Nationale_Boomfeestdag.
De Boomfeestdag soe twa wike lyn al hâlden wurde, mar waard útsteld fanwege it minne waar. It bosk yn Twizel is in heale hektare grut en leit by de Bootsmapoel.