Diskusje oer blauwe dyk

© Omrop Fryslân
SP en CU ha tiisdei yn de ried fan Smellingerlân gjin stipe krigen foar de krityk op it keunstwurk dat no op it Molenein makke wurdt. De dyk wurdt ien kilometer blau spuite as ferwizing nei it iepenmeitsjen fan de Drachtsterfeart. De beide fraksjes fine it jildfergriemerij.
In moasje fan de SP om sirkussen mei libbene bisten gjin fergunning mear te jaan foar optredens yn de gemeente, waard oannommen.