Ferwûne by oanriding Warkum

© Omrop Fryslân
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in oanriding dy't tiisdei plakfûn op de Vicariswei yn Warkum. By de oanriding waard in 14-jierrich famke út Warkum oanriden troch in auto.
It famke rekke dêrby ferwûne oan har skouder en earm. De autobestjoerder hat har wol nei hûs brocht, mar hat him net bekend makke. Immen dy't de oanriding sjoen hat, wurdt fersocht om kontakt op te nimmen mei de plysje.