Kwaliteit swimwetter goed

04 apr 2007 - 10:16

De kwaliteit fan it swimwetter wie ferline jier goed. Dat jildt ek foar de hygiëne en de feiligens by swimbaden. Dat stiet yn in rapport fan de provinsje.

Ferline jier binne swimbaden en swimplakken yn it oerflaktewetter kontrolearre op de wetterkwaliteit, hygiëne en feiligens. De resultaten wiene goed. Der binne ferline jier gjin swimferbodden ynsteld yn it bûtenwetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)