Tredde partij DS noch net wis

04 apr 2007 - 06:23

It duorret noch wol fjirtjin dagen foar't bekend wurdt oft CDA en PvdA in tredde partij belûke by de foarming fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat die bliken út it ferslach fan ynformateur Hylkema oan de fraksjefoarsitters en har sekondanten.

Hylkema sil no mei CDA en PvdA in saneamd koersdokumint meitsje. Dêr komt yn te stean hoe't it yn de eagen fan dizze partijen fierder moat. Pas dêrnei wurdt sjoen nei in 3e partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)