Fryske silers suksesfol

De Fryske silers dogge it goed
De Fryske silers dy't meidogge oan de Sofia Cup op Mallorca ha tiisdei goede saken dien. Finn-siler Pieter Jan Postma fan Terkaple stiet nei 5 wedstriden twadde yn in fjild fan 55 dielnimmers.
De oare Fryske kearnploechsilers dogge mei yn de Yngling-klasse. Marije Kampen út Starum stiet der it bêst foar, sy stiet mei har beide teamleden op it achtste plak.