Plannen foar sosjaal Fryslân

© Omrop Fryslân
De sosjale debatten fan de provinsje Fryslân hawwe yn de ofrûne wiken inkele tsientallen ekstra ûnderwurpen opsmiten foar de saneamde sosjale aginda. Op dizze aginda komt roechwei te stean hokker problemen yn de kommende jieren ekstra oandacht krije.
Dan giet it bygelyks oer problemen yn de sûnenssoarch en it jongereinbelied. De provinsje hie dêr wol in blauwdruk foar makke, mar woe noch graach út it fjild hearre wat der noch miste.