Wettertoer 'op 'e buorden'

De âlde wettertoer fan Nes-Akkrum stiet fan woandei ôf by in makelder te keap. Der komme ek advertinsjes yn 'e kranten. Oer de nije bestimming fan 'e markante toer hat in soad te dwaan west. It gebou mocht net sloopt wurde. Wat der no yn komt, is noch net bekend. De doarpelingen wolle leaver gjin 'funbestimmings' lykas abseilen.
De karakteristike toer hat yn 2000 mei Simmer 2000 noch in lampe west. De lampekap waaide al rillik gau stikken.