Alwer himpkwekerij Ljouwert

03 apr 2007 - 17:34
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is tiisdei opnij in himpkwekerij oprôle. Moandei wie it ek al raak yn it sintrum. Troch dy saak kamen de plysje de nije kwekerij op it spoar. Yn in leechsteande garaazje oan de Earste Klanderijstrjitte trof de plysje goed fiifhûndert wytplanten oan.

De garaazje waard hierd troch in fertochte dy't ek belutsen wie by de kwekerij fan moandei. De planten binne oan 'e ein fan de middei fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)