Wurkleazen bouwe Harnzer huzen

Wurkleazen leare op 'e bou in nij fak
Yn Harns bouwe wurkleazen mei behâld fan útkearing wenromte foar jongeren. It giet om in bysûnder projekt fan de wenningbouferiening en De Friese Poort. Op de skoalle binne de teorylessen.
De wurkleazen krije mei it projekt de kâns in nij fak te learen. De huzen stean oan de Dwarsstrjitte. It giet om fjouwer apparteminten foar starters ûnder de 23 jier. De huzen moatte takom jier klear wêze.