Omropsite op plak twa

Wâldnet: de meast populêre Fryske ynternetside
Omrop_Fryslân hat de op ien nei populêrste ynternetside, sa docht bliken út in ûndersyk ûnder fiifhûndert minsken. It ûndersyk is útfierd troch Tres Internet, dat alle jierren merkûndersyk docht nei Fryske sites. Krekt foar Omrop Fryslân einige Wâldnet op it earste plak.
De Ljouwerter_Krante stiet op it tredde plak. Op plak tsien stiet de ynternetside fan SC Hearrenfean.