Frou ferwûne by Lippenhuzen

03 apr 2007 - 11:23

By in ûngelok by Lippenhuzen is moandeitejûn in 24-jierrige frou ferwûne rekke. Se wie mei har auto op de Sweachsterwei fan 'e dyk rekke en tsjin in beam oanriden.

De brânwacht hat de frou út de auto weihelje moatten. Se is dêrnei mei ferwûning nei it sikehûs oerbrocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)