Mooglik Frysk baneferlies TNT

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân ferdwine mooglik tusken de 200 en 300 banen by TNT_Post. Lanlik moatte der de kommende jierren 6500 oant 7000 wurkplakken ferdwine by de post. TNT wol it lean fan de postrinners ferleegje. As dat net bart, moatte mear minsken dien krije.
De hiele operaasje moat in besuniging fan 300 miljoen euro opsmite. Troch de opkommend e-mailferfear en nije postkonkurrinten ferliest TNT klanten.