Ferlies jong Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin jong AZ mei 1-0 ferlern. It wie foar De Feansters, de koprinner yn 'e beloftekompetysje, it fjirde ferlies. De nûmer twa, jong FC Utrecht, ferlear mei 2-0 fan de nûmer lêst Heracles Almelo.
Jong Hearrenfean bliuwt koprinner mei 48 punten út 22 wedstriden, jong FC Utrecht hat 39 punten út 21. Takom wike tiisdei treffe beide ploegen elkoar, mar dan foar de beker.