NAVO-regels foar bouhichte

© Omrop Fryslân
Oan de noardeast kant fan Ljouwert mei net mear heger boud wurde as 46 meter. It giet rûchwei om it stik tusken Cambuur-De Vrijheidswyk-Stiens. Dit hat te krijen mei regels dy't troch de NAVO oplein binne en jilde yn 220 gemeenten yn Nederlân dy't yn de oanfleanrûte fan in basis lizze.
In part fan de gemeenteried fan Ljouwert fynt lykwols dat it kolleezje te min dien hat om ûnder dizze regel út te kommen.