Gebou op plein by Aldehou

© Omrop Fryslân
Der mei in gebou komme tsjinoer de Aldehou. Dat hat de riedskommisje besletten. It moat lykwols goed passe op it plein. It gebou komt yn it ferlingde fan de Kleine Kerkstraat en mei net heger as 12 meter wurde.
Fierder moat de bouwer ferplicht in arsjitekt ynskeakelje dy't ûnderfining hat mei it bouwen op sa'n kwetsber plak. It moat in modern gebouw wurde. In publykslûkker.