Kongres 'Bridges' nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert is takom jier simmer de gasthear foar in grut ynternasjonaal kongres mei de namme Bridges. Dat kongres slacht in brêge tusken wittenskip en keunst. Ferline jier stie Bridges yn London en dit jier binne se yn Donostia/San Sebastian yn Spaansk Baskelân.
250 keunstners, wittenskippers, wiskundigen en musikanten komme yn july 2008 nei it kongres mei as tema Esscher.