Blauwe strook is 'oanfluiting'

02 apr 2007 - 15:25

Guon ynwenners fan Drachten fine it fuortsmiten jild dat op it Mûnein in blauwe strook skildere wurdt, dy't de Drachtster feart ferbyldzje moat. De strook is 10 by 1000 meter. Oer de hiele lingte komt de tekst 'Water is Leven' te stean.

Der waard earst tocht oan in aprilgrap, mar it is earnst. It keunstwurk is in goed jier te sjen. De blauwe dyk kostet 75.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)