Wer gjin debút Sulejmani

02 apr 2007 - 13:35

Miralem Sulejmani soe moandeitejûn syn debút meitsje yn it belofteteam fan de Sportklub Hearrenfean. Mar de 18-jierrige Servyske oanfaller komt net yn aksje. De FIFA hat de KNVB witte litten dat it de berjochten fan it fuotbalbûn fan Servië net goed ynterpretearre hat.

Sulejmani krige earder in skorsing fan seis moanne oplein troch syn foarige klub Partizan Belgrado. Hearrenfean sil no mei de FIFA kontakt opnimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)