Noch net soad pleatsen opjûn

02 apr 2007 - 11:54

It rint noch net stoarm mei it tal oanmeldings foar de ferkiezing 'Pleats fan it jier'. De organisearjende stichting hat no goed tsien oanmeldings krigen. Dat is noch mar de helte fan it tal dat ferline jier binnenkaam.

Dit kear kinne stjelpbuorkerijen oanmeld wurde dy't foar 1940 boud binne en dy't in nije funskje krigen hawwe. Dat oanmelden kin noch oant 10 april. De winner krijt 1000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)