Blokriden docht fertuten

02 apr 2007 - 11:41

It blokriden op de rotonde fan De Jouwer is ridlik goed ferrûn, fynt Rykswettersteat. Tusken 7 en 9 oere moarns waard moandei it ferkear op de rotonde foar it earst yn banen laat troch auto's fan RWS. It ferkear út de rjochting fan Hearrenfean waard wat fertraagd, sadat automobilisten út De Jouwer en Snits mear gelegenheid krigen om de rotonde op te riden.

Fan no ôf wurdt op alle spitsoeren it blokriden brûkt om files tsjin te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)